Aant Mulder: Aldjiersdei*

desimber 31, 2019 07:00

Kollum

Op sa’n dei as hjoed leit it yn ’e reden om werom te sjen. Hoewol, party minsken sille dêr amperoan de tiid foar ha. Minsken dy’t wurkje krije it drokker en drokker. Guon fan dy minsken moatte sels wurkje op tiden dy’t har net útkomme en oars moatte se wol beskikber wêze foar fragen fan oaren. Mei ien foarbyld kin ik wol dúdlik meitsje wat ik bedoel. Ik lies op de sosjale media dat der diskear mei de krystdagen mear supermerken iepen wiene as yn eardere jierren, rûnom yn it lân. De meiwurkers wurkje faak leaver net as al, mar ‘nee’ sizze falt ek net ta. Dat betsjut dat kollega’s der foar opstrûpe. Mar de supermerken berikke sa har doelen: hegere omsetten. Sels sille se it grif oer klantfreonlikens ha. Diskear lei de omset foar de supermerken mei-inoar foar de earste kear boppe it miljard. It ferfelende is, dat dy winkels om ús ornaris net op dy frjemde tiden iepen hoege te wêzen, mar dat we it wol sels dogge. Soene der gjin klanten komme, dan soene de winkels net iepen bliuwe!

It is dúdlik, it giet om omset, it giet om de ekonomy. Dat jildt net allinne foar supermerken, mar dat jildt eins foar alle soarten fan wurk. Doe’t de boeren drigen om de foarriedsintrums fan dy supermerken foar de krystdagen te blokkearjen, waarden de bazen fan dy sintrums suver dûm. Sy hiene it oer minsken dy’t gjin iten foar in krystdiner en dat soarte fan dingen ha soene, mar it gie har fansels om de omset dy’t sa yn ’e knipe komme kinne soe. De rjochter waard der daliks by helle. No bin ik gjin aktivist, hyn ofte nei net, mar ik kin dy boeren wol begripe. It giet har likegoed om de omset. Dy omset ha oaren eins mear ynfloed op as de boeren sels. It hat der alles fan dat der hieltyd effisjinter buorke wurde moat, dat der hieltyd mear opbringst fan deselde grûn helle wurde moat. As we jûns let wolris troch de Flevopolder ride, ûnderweis fan de bern nei hûs ta, besau ik my gauris. Der ride eins altyd yn ’e neare nacht wol tractors mei masinen yn it lân om. Der wurdt wurke, hurd wurke om dochs in omset te heljen dêr’t fan te bestean is.

Dat wiffe lykwicht dat der wie, is it ôfrûne jier dus rou fersteurd. Dêr hat de oerheid foar soarge. Net dat dy oars koene, mar dochs. It krewearjen fan de boeren om de needsaaklike omset te heljen, giet ommers gauris ta skea fan de natuer en de natuergebieten. Sûnt dit jier witte we fan stikstof en PFAS en dat der wat oan dien wurde moat. En hoewol’t der aardich wat dieders binne, lykje de boeren it bokje te wurden. Har omset wurdt beheind. No ja, wy meie aanst ek net mear hurder as 100 ride. Dat falt oer te kommen as we mar reizgje en benammen fleane meie, as we de produkten út fersmoargjende fabriken mar gewoan keapje kinne. En wer dogge we it sels. Underwilens besiket de oerheid alles foar it hiele lân oer ien line te lûken.

De boeren dy’t ienriedich úteinsetten, mei-inoar op de tractor nei De Haach,
binne earder as De Haach ta de konklúzje kommen dat Brabân gjin Fryslân is.

Alles oer ien line lûke, dat ha de boeren ek besocht. De oerheid hâldt noch hieltyd út dat rûnom, yn Rânestêd en provinsjes, deselde regels jilde moatte. Dat de provinsjes dêr oars oer tinke, kringt net echt yn de Rânestêd troch. De provinsjes kinne dingen dwaan, mar dy moatte dan wol strike mei wat it regear, de minister wol. De boeren dy’t ienriedich úteinsetten, mei-inoar op de tractor nei De Haach, binne earder as De Haach ta de konklúzje kommen dat Brabân gjin Fryslân is en sa fierder. It tal boere aksje-organisaasjes wurdt hieltyd grutter Sa is der mei oan ’e iene kant LTO Noord en oan de oare kant Farmers Defence Force no yn Fryslân ek de Stichting Belangen Agrarysk Fryslân. Dat en de Fryske namme sprekke my beide oan. It is moai dat dy nije stichting ta de konklúzje komt dat Fryslân oars is as oare provinsjes en dat we it hjir yn Fryslân eins gewoan mei-inoar regelje moatte.

Dat soarte fan dingen ha we faker mei te krijen. Ik tink ek oan de Sinteklaze-yntocht yn Dokkum en de blokkearfriezen. Hoe’t wy dêroer tinke, docht net ta de saak. Der komme sa hieltyd mear groepen dy’t tsjin itselde oanrinne. Fan groepen dy’t foar it Frysk yn ’e media, rjochtspraak en ûnderwiis opkomme wisten we al. Dy groepen ha it drok mei de eigen soargen en dat is eins spitich. Dat soe oars en better kinne moatte. Sa pratende- en skriuwendewei kom ik ta in pear konklúzjes en ta in pear goede foarnimmens foar it nije jier. It moat ús minder om wolfeart en mear om wolwêzen gean. Wy kinne wat dat oanbelanget sels wol in pear dingen dwaan. Wy kinne op gewoane tiden te boadskipjen, te winkeljen gean en foar earlike produkten earlike prizen betelje. Wat dêr net mei strykt, kinne we lizze litte! Tagelyk kinne we guon foarwerpen wol wat langer as no brûke.

Foar ús mei-inoar soe ik it moai fine dat we as Fryske groepen mei hiele ferskillende belangen faker en better mei-inoar yn petear reitsje en mei-inoar oparbeidzje soene. Wy soene in Fryslân beskreppe moatte, dêr’t it foar Frysktaligen en oare Friezen noflik wenjen en wurkjen is. Dat nije Fryskeigene moatte we yn De Haach romte foar opeaskje. It soe moai wêze as it provinsjaal bestjoer it foartou nimme soe.

Hawar ik hoopje op dizze lêste dei yn it âlde jier dat jimme moaie krystdagen hân ha. Foar it nije jier winskje ik jimme folle lok en seine ta.

*Sneon by Omrop Spannenburg: De lêste sneon yn it âlde jier = no, tiisdei, op It Nijs: Aldjiersdei.
Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 28 desimber yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.
desimber 31, 2019 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.