5e NK FRYSK! – Jelle Wiersma kampioen en ferrassende yntree debutant

desimber 30, 2019 11:11

Sieb Buurke (l) yn petear mei Jelle Wiersma. Foto © Marten Walinga / Stifting WFD

Sneon 28 desimner is de Wommelser Jelle Wiersma mei oermacht Nederlânsk Kampioen FRYSK! wurden. FRYSK! is Frysk Damjen, mar dan mei fiif skiven de spiler. Dy fariant is spesjaal ûntwurpen, mei stipe fan de Provinsje Fryslân, om de drompel foar it tige komplekse Frysk Damjen, de iennichste autochtoane tinksport fan Nederlân, te ferleegjen.

Yn it toernoai op Tresoar moasten de 15 dielnimmers allegear seis omlopen spylje. Wiersma wie de iennichste dy’t alle seis wûn. Op it twadde plak kaam Teake Kooistra út Hartwert mei 4,5 punt. Kooistra en Wiersma hearre beide by de absolute top fan it Frysk Damjen.

Ferrassend wie it resultaat fan debutant Siep Buurke út Eelde. Hy dammet en skaakt al syn libben lang en wie wol bekend mei de Fryske regels, mar hie noch net earder in partij spile, lit stean in toernoai. Syn 3 punten, goed foar in 7de plak, binne it bêste bewiis dat de nije fariant FRYSK! it skitterjende Fryske damspul tagonklik meitsje kin foar in grutte groep tinksporters. De organisaasje hopet dan ek dat in protte oare dammers en skakers syn foarbyld folgje sille!

Jelle Wiersma is no de tredde dy’t him pleatst hat foar it WK FRYSK! op 8 maart 2020 te Frjentsjer. De beide oaren binne de jonge Andrea Peirano út Aosta, Italiaansk kampioen FRSYK! en Petra Dušková út Praach, Tsjechysk kampioen FRYSK! Ien kandidaat kin him noch pleatse fia in ynternet-toernoai op 19 jannewaris 2020, en dan binne der noch 12 plakken dy’t inkeld fertsjinne wurde kinne yn ’e wike fan it Fryslân Open yn Frjentsjer, fan 3 oant en mei 7 maart 2020.
Foar mear ynformaasje: Liuwe Westra (06-30837586) / Marten Walinga (06-34561133)

Omrop Fryslân Telefyzje bestege ek noch omtinken oan it kampioenskip yn it nijs: sjoch https://www.omropfryslan.nl/nijs/928317-dammers-stride-om-nederlansk-kampioenskip-frysk

Einútslach
1 Jelle Wiersma, Wommels 6 punten
2 Teake Kooistra, Hartwert 4,5 punt
3-4 Marten Walinga, Waaksens 4 punten
Dicky van der Meer, Terherne
5 Hans Jansen, Amsterdam 3,5 punt
6-10 Folkert Groenveld, De Jutryp 3 punten
Siep Buurke, Eelde
Tsjerk Wybenga, Arum
Hylke Algra, Lollum
Harmen Westra, Den Haag
11-13 Liuwe Westra, Lollum 2,5 punt
Jan Nauta, Bitgummole
Siebren Dyk, Jorwert
14 Cor Kooistra, Nijlân 2 punten
15 Hans Larooij, Lelystad 1 punt

 

 

desimber 30, 2019 11:11
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.