22-wikeprip foar swiere froulju fan 16 desimber 2019 ôf fergees

desimber 11, 2019 09:44

Fan 16 desimber 2019 ôf komt de 22-wikeprip, de kinkhoastfaksinaasje foar froulju dy’t in poppe ferwachtsje, yn it Ryksfaksinaasjeprogramma. Dat betsjut dat se fan dat stuit ôf in fergeze kinkhoastfaksinaasje krije kinne by de jeugdsûnens-soarchorganisaasje yn harren regio. Hjirtroch binne lytse poppen daliks fan de berte ôf beskerme tsjin kinkhoast.

Wat is kinkhoast?
Kinkhoast is in besmetlike sykte dy’t feroarsake wurdt troch in baktearje. De kinkhoastbaktearje wurdt ferspraat troch lytse dripkes út ’e kiel dy’t by it hoastjen yn de lucht komme. Foaral lytse poppen dy’t noch net faksinearre binne, kinne dêr hiel siik fan wurde. Alle jierren wurde yn Nederlân gemiddeld 170 lytse poppen mei kinkhoast yn it sikehûs opnommen.

Frou ynferwachting kin har ynintsje litte tsjin kinkhoast
De faksinaasje kin dien wurde fan 22 wiken dracht oant de ein fan it swierwêzen. De optimale perioade is tusken de 22e en de 32e wike fan it swierwêzen. Nei in kinkhoastfaksinaasje makket it lichem antystoffen tsjin kinkhoast oan. Dy beskermje tsjin kinkhoast. By de frou geane dizze antystoffen fia de nâlestring ek nei de noch net berne poppe. De poppe is dan daliks fan de berte oant de earste kinkhoastfaksinaasje beskerme tsjin kinkhoast. Yn in soad gefallen sil de poppe nei de berte in prip minder nedich hawwe. De frou sels is nei faksinaasje ek beskerme tsjin kinkhoast en se sil dan har eigen bern net mear oanstekke.

Wannear de prip helje?
Froulju dy’t útrekkene binne op of nei 6 jannewaris 2020 kinne de prip fan 16 desimber ôf helje op ien fan de spesjale kinkhoastfaksinaasjesprekoeren. Yn desimber 2019 kin dat allinne by GGD Fryslân yn Ljouwert. Fan 2020 ôf sil de faksinaasje op ferskate yn Fryslân te krijen wêze. Froulju dy’t útrekkene binne fóár 6 jannewaris 2020 kinne de prip it bêste helje fóár 16 desimber à €32,50, oars wurdt it te let om goed te wurkjen. Froulju dy’t yn desimber faksinearre wurde wolle, kinne it bêste sa gau mooglik belje om in ôfspraak te meitsjen.

Ofspraak meitsje
Op de webside fan de GGD stiet mear ynformaasje. En in ôfspraak meitsje foar de faksinaasje kin fia tillefoannûmer 088 – 2299444.

desimber 11, 2019 09:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.