Ynstellingen pjutte-opfang bliuwe by de tiid

novimber 12, 2019 10:39

Feest ‘Alderleafste Kinderopvang’

In protte ynstellingen foar pjutte-opfang yn Fryslân wurkje neffens in twatalich belied. Dat hâldt yn dat guon fan de meiwurksters altyd yn it Frysk mei de bern prate en oaren altyd yn it Nederlânsk. Wol in pjutte-opfang him affisjearje as twatalich, dan moat dêr it sertifikaat ‘Boartsjendewei in taal derby’ foar behelle wurde. Soks bart ûnder begelieding fan de SFBO, kennissintrum meartaligens jonge bern. Dêr binne goed 250 bernedeiferbliuwen en pjuttelokaasjes by oansletten.

Om ’e trije jier besjocht de SFBO oft in sertifisearre ynstelling noch hieltyd neffens de kritearia fan it twatalich belied wurket. Dan komt in fisitaasjekommisje lâns dy’t dat beoardielet en dêr rapport oer útbringt. As it wurkjen oan de easken foldocht, wurdt de sertifisearring ferlinge. Dêr wurdt altyd in feestje fan makke.

Koartlyn wie dat op ûndersteande pjutte-opfangen wer it gefal.

  • Pjutte-opfang ‘De Beltsjeblom’ yn Wâldsein, ûnderdiel fan Thuis-bij Thea, dy’t de berne- en pjutte-opfang yn Súdwest Fryslân fersoarget en ek in lokaasje yn Dokkum hat. Alle acht lokaasjes wurkje mei in twatalich belied.
  • Pjutte-opfang ‘Lyts Yleke’ yn Drylts, oansletten by Stichting Kinderopvang Friesland (SKF).
  • ‘Alderleafste Kinderopvang’ yn Dokkum, in partikuliere berne-opfang, opset troch Wietske van der Woude en Sita Wedzinga.
  • ‘It Roekeltsje’ yn Warten, partikulier bernedeiferbliuw fan Annet Bouma, foar berne-, pjutte- en bûtenskoalske opfang.
  • Pjutte-opfang ‘It Kwetternêst’ yn Starum fan Kids First, in organisaasje dy’t pjutte- en berne-opfang yn in grut part fan Fryslân fersoarget. In grut oantal fan dy lokaasjes wurket mei in twatalich belied.
novimber 12, 2019 10:39
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.