Wy kinne it lânskip fan alearen weromkonsumearje

novimber 9, 2019 11:52

Troch de eardere ûntjouwing fan produksje- en konsumpsjepatroanen is ús lânskip fearrinnewearre. Mar dat kin likegoed wer oars, sa ferdútst Ytsen Kooistra yn in opiny-artikel yn De Nije mei konkrete advizen foar bewuste konsuminten en krityske boargers.

Krûdryk gerslan; foto: Ytsen Kooistra

Ut Kooistra’s artikel ‘Lânbou de rêder fan de wrâld as ik dat wol’ (side 44): ‘In nij bewustwêzen oer wat der him yn de wrâld ôfspilet en hoe’t dêrmei omgien wurde kin, sil benammen komme moatte fan de konsumint. Dy moat mear ynsjoch krije en dêrneffens hannelje. Net samar oannimme wat sein en skreaun wurdt, mar erchtinkend wêze by de moaie wurden fan reklame. (…) Dan kin de konsumint yn frijheid kieze en hannelje. Ik kin wat dwaan, elk yndividu kin dat, de konsumint as groep kin dat. (…) Konsumint: wurd wekker, kom oerein, oan de slach!’

Tema fan de nijste jefte fan it Frysktalige tydskrift De Nije, dy’t no yn tydskriftekiosken, boekhannels en de supermerken fan Poiesz leit, is it spanningsfjild tusken lânskip en ekonomy. It blêd kostet los € 4,95 (yn de winkel); de priis foar in abonnemint (fjouwer jeften yn it jier) is € 17,50. Reaksjes en/of oanmeldings foar abonneminten kinne nei: redaksje.denije@gmail.com.

novimber 9, 2019 11:52
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.