Wurdt dit lân bestjoerd troch it regear of de multinationals?

novimber 4, 2019 18:14

Dat freget ferneamd biolooch Theunis Piersma, dy’t ankom sneon de Fedde Schurer lêzing hâlde sil, him ôf yn de nijste De Nije.

Theunis Piersma (foto: Petra de Goeij)

Piersma seit yn in fraachpetear (side 48): “Fjirtich jier lyn wie it lânskip fol mei fûgels, blommen en ynsekten. No is der op deselde plakken in monokultuer mei raaigers en mais. Nederlân is der grutsk op dat it de top fan de wrâld is oangeande agraryske technology. Wy eksportearje iten nei withoefolle lannen, mar dat kin allinne troch it ymportearjen fan biomassa út oare parten fan de wrâld en troch ús ferslaving oan oalje, dêr’t no de lânbou-ekonomy op driuwt. De gefolgen foar it miljeu binne dramatysk. Wy ferdriuwe mei ús libbenswize alle oare bisten en ferniele de natuer dy’t wy sa ferskriklik nedich hawwe.”

Tema fan de nijste jefte fan it Frysktalige tydstkrift De Nije, dy’t no yn tydskriftekiosken, boekhannels en de supermerken fan Poiesz leit, is it spanningsfjild tusken lânskip en ekonomy. It blêd kostet los € 4,95 (yn de winkel); de priis foar in abonnemint (fjouwer jeften yn it jier) is € 17,50. Reaksjes en/of oanmeldings foar abonneminten kinne nei: redaksje.denije@gmail.com.

novimber 4, 2019 18:14
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Eric novimber 6, 11:11

    Lês Joris Luyendijk “Je hebt het niet van mij, maar… Een maand aan het Binnenhof”. Dan wit men wa’t it lân bestjoert.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.