Woansdei dochs grutte leararestaking

novimber 3, 2019 16:12

Foto: pixabay.com

Juster berjochte It Nijs oer it akkoart tusken de grutte ûnderwiisfakbûnen en it Ryk oer mear jild foar it ûnderwiis. De bûnen hiene om dat akkoart de plende staking ôfsein. Guon lytse fakbûnen woene al stake. No makket it grutste ûnderwiisfakbûn AOb lykwols buorkundich dat it syn leden ek opropt om te staken. De reden is dat in soad fan harren net wiis binne mei it berikte akkoart. It ministearje fan ûnderwiis docht te witten dat it taseine jild gewoan beskikber bliuwt.

Woansdei sille in hiel soad skoallen yn it basis- en fuortset ûnderwiis dêrom ticht wêze.

novimber 3, 2019 16:12
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.