Winkellju net sa wiis mei nije grats ‘Black Friday’
Resint ferskynd

Foto: pixabay.com
It is hjoed Black Friday. Dat is in grats dy’t gâns winkellju út ‘e Feriene Steaten oernommen hawwe. De namme betsjut ‘swarte freed’ en op dy dei ferkeapje in hiele protte winkels harren guod foar in ekstra lege priis.
Yn Amearika hat soks noch wol doel: dêr is Black Friday de freed nei it feest Thanksgiving Day (‘tanksizzingsdei’). Dan begjint yn ‘e holle fan in protte Amerikanen de krysttyd al, dy’t yn harren lân mei kadootsjes fierd wurdt. Wa’t krystkado’s keapje wol, kin dan foar in lyts pryske wat moais besette.
Yn Nederlân is Sinteklaas it grutte kadofeest. Dat komt mar in pear dagen letter as de keapfreed, yn in dochs al o sa drokke winkeltiid.
Winkellju yn Nederlân fiele harren op ‘t heden suver twongen en doch mei oan Black Friday. Dat moat dan ek mei sokke hege koartings dat guon der neat oan fertsjinje. Detailhandel Nederland neamt Black Friday in “gekte”.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje