Waarpraatsje: Yn it wykein rêstich en drûch

novimber 22, 2019 19:23

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie freed in hiel kreaze dei mei op de measte plakken in soad sinne. Boppedat wie it in stik mylder as de ôfrûne dagen.

Yn ‘e nacht fan freed op sneon is it earst helder, mar letter rekket de loft stadichoan berûn. De wyn komt út it easten en is swak oant matich. By de kust lâns en boppe de Iselmar wurdt de wyn frij krêftich. De temperatuer leit om de 3 graden hinne.

Sneon is de loft foar it grutste part berûn, mar (wat) sinne is ek net útsletten. Yn ‘e rin fan ‘e dei is der kâns op wat mear sinne. De eastewyn is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich. It wurdt 7 graden.

Snein feroaret der net folle oant it waar. By in swakke oant matige sudewyn wurdt it 8 graden. Sa út en troch is der kâns op wat sinne en it bliuwt op ‘e nij drûch.

Nei it wykein wurdt it wer ritich en noch wat mylder. De winter bliuwt fier fuort.

Jan Brinksma

novimber 22, 2019 19:23
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.