Waarpraatsje: Wat froast yn ’e nacht

novimber 30, 2019 19:23

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie in hiel kreaze en strieljende sneon en it bliuwt foarearst rêstich waar mei wat froast yn ’e nachten.

Yn ‘e nacht fan sneon op snein is it op de measte plakken helder. Op guon plakken soe (wat) damp ûntstean kinne en by de kust lâns kin noch in buike falle. Der stiet hast gjin wyn en de temperatuer leit op in soad plakken krekt ûnder it friespunt.

Snein wikselje bewolking en sinne inoar ôf. Hoefolle de sinne skine sil, is tige ûnwis. De kâns op dampich waar is snein oerdei yn Fryslân, nei alle gedachten, net sa grut. By de kust lâns it noch hieltyd kâns op in lytse bui. By in swakke oant matige noardeastewyn leit de temperatuer om de 4 graden hinne.

De nacht nei moandei is ek kâld en moandei oerdei bliuwt it drûch en wurdt it by in matige noardwestewyn mei 6 graden wer wat mylder. Neist bewolking is der ek kâns op (wat) sinne.

De oare dagen fan takomme wike bliuwt it oan de kâlde kant.

Jan Brinksma

novimber 30, 2019 19:23
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.