Waarpraatsje: Tongersdei ek ritich en myld
Resint ferskynd

foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – It wie woansdei in ritige mar mylde dei foar de tiid fan it jier. Foaral yn ‘e moarntiid foel der sa út en troch rein. It bliuwt tongersdei ek ritich.
Woansdeitejûn en yn ‘e nacht nei tongersdei is de loft berûn en sil it sa út en troch (flink) reine. De wyn komt út it westen en is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar krêftich oant hurd. It wurdt net folle kâlder as 9 graden.
Tongersdei is de loft op ‘e nij berûn en kin it sa út en troch wer reine. De matige wyn komt út it súdwesten oant westen. By de kust lâns stiet in krêftige oant hurde wyn. Yn ‘e jûn giet de wyn nei it noardwesten en jout him wat del. De temperatuer leit om de 10 graden hinne.
Fan freed ôf wurdt it minder ritich en stadichoan kâlder.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje