Waarpraatsje: Tiisdei noch net drûch

novimber 18, 2019 19:02

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It hat yn ‘e nacht fan snein op moandei flink reind, mar oerdei foel it mei de delslach yn Fryslân wol ta. It gebiet mei rein bleau yn it easten fan Nederlân lizzen. Tiisdei is it noch net hielendal drûch.

Yn ‘e nacht fan moandei op tiisdei is de loft berûn, mar letter binne der ek inkelde opklearringen. By de kust lâns is in bui net útsletten. De swakke oant matige wyn komt út it westen. By de kust lâns is de wyn noardwest en frij krêftich oant krêftich. It wurdt 6 graden.

Tiisdei skynt de sinne sa út en troch, mar op guon plakken kin ek noch in bui falle. De swakke oant matige wyn komt earst út it westen en letter út it súdwesten. It wurdt 7 graden.

Fan woansdei ôf is it in pear dagen drûch.

Jan Brinksma

novimber 18, 2019 19:02
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.