Waarpraatsje: Stadichoan wer wat kâlder

novimber 4, 2019 18:53

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in tal ritige dagen bliuwt it foarearst ek noch ritich. It wurdt wol wer wat kâlder.

Yn ‘e nacht fan moandei op tiisdei wikselje bewolking en wat opklearringen inoar ôf. Op guon plakken falt wat rein of storein. Der is ek kâns op damp. By in swakke oant matige sudewyn wurdt it 6 graden.

Tiisdei kin it op guon plakken earst noch dampich wêze. Dernei is de loft berûn, mar it bliuwt oant de jûn ta, sa goed as, drûch. De wyn komt út it suden oant súdwesten en is swak oant matich. Yn ‘e rin fan ‘e dei giet de wyn nei it noarden en hellet wat oan. It wurdt 11 graden.

Woansdei feroaret der hast neat oan it waar. Mei, op syn heechst, 9 graden is it wol wat frisser.

Jan Brinksma

novimber 4, 2019 18:53
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.