Waarpraatsje: Stadichoan kâlder
Resint ferskynd

foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – It wie woansdei op de measte plakken yn Fryslân folle moaier waar as tocht waard. Op in soad plakken wie de sinne goed te sjen. Fan freed ôf wurdt it stadichoan wat kâlder.
Yn ‘e nacht fan woansdei op tongersdei is it earst miskien noch efkes helder mei kâns op damp. Letter rekket de loft berûn. By in swakke oant matige súdeasteweyn is it in graad as 3. Yn ‘e rin fan ‘e nacht giet de temperatuer wat omheech.
Tongersdei is de loft berûn en geandewei de dei sil it wat reine. De súdeaste- oant sudewyn is matich, by de kust lâns frij krêftich. It wurdt 9 graden.
Freed bliuwt it sa goed as drûch en is der, nei alle gedachten, wat mear sinne.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje