Waarpraatsje: Ritich en myld
Resint ferskynd

foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – Nei inkelde strieljende en kâlde dagen krije wy no in ritige en mylde rite.
Yn ‘e nacht fan freed op sneon is de loft berûn en reint it sa út en troch. De sudewyn is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich oant krêftich. De temperatuer leit om de 11 graden hinne.
Sneon wikselje bewolking en sinne inoar ôf en kin der in bui falle. Der stiet in flink stik wyn út it suden oant súdwesten. Yn ‘e rin fan ‘e dei hellet de wyn ek noch oan mar yn ‘e jûn jout hy him wer wat del. It wurdt 12 graden.
Snein sjogge wy de sinne hast net. Boppedat bliuwt it net drûch en by in matige sudewyn wurdt it goed 10 graden.
Moandei feroaret der hast neat oan it ritige waar. It bliuwt op ‘e nij net drûch en de sinne is net folle te sjen. By in matige sudewyn wurdt it 11 graden.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje