Waarpraatsje: Rêstich mei kâns op damp

novimber 20, 2019 17:38

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie woansdei yn Fryslân foar it grutste part fan ‘e dei in skiere en dampige boel, mar op guon plakken kaam de sinne ek noch efkes om it hoekje. It bliuwt foarearst rêstich hjerstwaar.

Yn ‘e nacht fan woansdei op tongersdei is de loft berûn en kin it op ‘e nij dampich wêze. De eastewyn is swak, by de kust lâns en boppe de Iselmar matich. De temperatuer leit om it friespunt hinne.

Tongersdei kin it earst dampich wêze en letter is de loft berûn. De kâns op sinne is, nei alle gedachten, net grut. De wyn komt út it easten oant súdeasten en is swak oant matich. De temperatuer leit inkelde graden boppe it friespunt.

Freed is it ek rêstich en drûch waar mar it wurdt dan wol (flink) mylder.

Warskôging: It kin yn ‘e jûn, yn ‘e nacht fan woansdei op tongersdei en yn ‘e moarntiid op ‘e nij dampich wêze. Ferkearsdielnimmers kinne der lêst fan ha. Koartsein: min sicht!

Jan Brinksma

novimber 20, 2019 17:38
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.