Waarpraatsje: Rêstich en drûch mei kâns op damp
Resint ferskynd

foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – It wie tiisdei noch ritich mei sa út en troch wat lytse buien. Wy krije no een tal drûge dagen mei kâlde nachten en kâns op damp.
Yn ‘e nacht fan tiisdei op woansdei is it helder en kin der op in soad plakken damp ûntstean. By de kust lâns is in buike noch net hielendal útsletten. By in swakke sudewyn leit de temperatuer tusken de +2 en -2 graden.
Woansdei kin it earst (miskien sels hast de hiele dei) noch (flink) dampich wêze. De kâns op sinne is yn Fryslân, nei alle gedachten, net grut. De wyn giet yn ‘e rin fan ’e dei nei it easten en is swak, by de kust lâns en boppe de Iselmar matich. Mei in temperatuer om de 3 graden hinne is it kâld.
Tongersdei is it ek rêstich hjerstwaar.
Warskôging: Yn ‘nacht en woansdei oerdei is der kâns op damp dy’t lêstich wêze kin foar it ferkear. It soe boppedat yn ‘e nacht en moarntiid op guon plakken in bytsje glêd wurde kinne.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje