Waarpraatsje: Oan de kâlde kant
Resint ferskynd

foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – Nei in kreaze freed, mei op guon plakken noch wol in buike, sil it no foarearst oan de kâlde kant wêze, mar it bliuwt wol, sa goed as, drûch.
Yn ‘e nacht fan freed op sneon wikselje bewolking en opklearringen inoar ôf. Op guon plakken soe noch in lytse bui falle kinne en der is in kâns op wat damp. De wyn komt út it westen en is swak. By de kust lâns stiet in matige noardwestewyn. De temperatuer leit om de 2 graden hinne.
Sneon wikselje bewolking en (wat) sinne inoar op ‘e nij ôf en der is noch hieltyd kâns op in buike. De wyn is swak en komt út ferskate rjochtingen. It wurdt 7 graden.
Snein bliuwt it drûch en wurdt it noch wat kâlder.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje