Waarpraatsje: Net in soad sinne

novimber 5, 2019 18:37

Klokkestoel Sniksweach. Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie tiisdei wis net in minne dei, mar it bliuwt foarearst ritich en skier waar.

Yn ‘e nacht fan tiisdei op woansdei is de loft berûn en kin it sa út en troch wat reine. Letter binne der miskien ek inkelde opklearringen, mar dan is in bui ek net hielendal útsletten. By in swakke oant matige noardewyn wurdt it 6 graden.

Woansdei is it skier en sille wy de sinne hast net sjen. Der kin op guon plakken in bui falle. De wyn komt út it westen oant noardwesten en is swak oant matich. De temperatuer leit om de 10 graden hinne.

Tongersdei is it ek skier en bliuwt it net drûch.

Jan Brinksma

novimber 5, 2019 18:37
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.