Waarpraatsje: Net hielendal drûch

novimber 8, 2019 19:24

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie freed in strieljende mar frisse hjerstdei. It wykein sjocht der kreas út mar it bliuwt net oeral drûch.

Yn ‘e nacht fan freed op sneon binne der neist bewolking ek flinke opklearringen mei op guon plakken kâns op wat damp. By de kust lâns is in bui, miskien wol mei tonger, net hielendal útsletten. By in swakke sude- oant súdwestewyn leit de temperatuer om de 3 graden hinne.

Sneon is de loft berûn en kinne der inkelde buien falle. De wyn komt út it suden en is swak oant matich. Letter giet de wyn nei it westen oant súdwesten en hellet wat oan. Yn ‘e jûn giet de wyn wer werom nei it suden en jout him wat del. It wurdt 9 graden.

Snein feroaret der net folle oan it waar. Mei in graad as 7 is it oan de kâlde kant, mar it bliuwt wol drûch en de kâns op wat sinne is in bytsje grutter.

Nei it wykein bliuwt it fris en wurdt it wer wat ritiger.

Jan Brinksma

novimber 8, 2019 19:24
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.