Waarpraatsje: Minder ritich

novimber 28, 2019 17:50 Fernijd

De noardeastouwer fan de Tsjûkemar. Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in wiete nacht fan woansdei op tongersdei en tongersdeitemoarn, wurdt it no stadichoan wat minder ritich.

Yn ‘e nacht fan tongersdei op freed binne der opklearringen en bliuwt it, sa goed as, drûch. De wyn komt út it noardwesten en is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich. De temperatuer leit om de 4 graden hinne.

Freed wikselje (wat) sinne en bewolking inoar ôf. Op guon plakken kin noch in bui falle. De wyn is noardwest en matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich. It wurdt 7 graden.

Yn it wykein is it drûch en wurdt it stadichoan wat kâlder.

Jan Brinksma

novimber 28, 2019 17:50 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.