Waarpraatsje: Freed drûch
Resint ferskynd

foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – It wie tongersdei foaral letter op ‘e dei in wiete boel. Freed sjocht it waar der in stik better út.
Yn ‘e nacht fan tongersdei op freed wurdt it drûch en letter binne der ek (flinke) opklearringen. In bui is dêrfoaroer net hielendal útsletten. By in swakke oant matige sudewyn wurdt it 3 graden.
Freed skynt de sinne sa út en troch. Hoefolle sinne oft wy sjen sille is wat ûnwis. It bliuwt drûch. De wyn komt út it suden en is swak, by de kust lâns matich. Letter op ‘e dei komt de wyn út ferskate rjochtingen. It wurdt 9 graden.
Yn it wykein is it kreas mar fris waar. It bliuwt boppedat, sa goed as, drûch.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje