Universiteiten en hegeskoallen kinne ûnwettich gebrûk Ingelsk net goed útlizze

novimber 3, 2019 16:39

Universiteiten en hegeskoallen yn Nederlân kinne net goed útlizze wêrom’t hja op kolleezje safolle Ingelsk brûke. De wet skriuwt foar dat de ûnderwiistaal Nederlânsk is. In ûnderwiisynstelling dy’t fan dy regel ôfwike wol, moat dêr in goede reden foar hawwe. Dy moat boppedat yn in taalgedrachskoade stean. Yn in soad gefallen is dat net sa. Dat docht de ûnderwiisynspeksje te witten.

Begjin 2019 melde de ûnderwiisynspeksje dat 34 fan de 77 Nederlânske universiteiten en hegeskoallen gjin taalgedrachskoade hiene en dochs ôfwykten fan de taalregel. De Twadde Keamer easke doe dat dy ynstellingen harren oan ‘e wet hâlde soene. Wilens hawwe twa ynstellingen in frijstelling fan de regel krige en de oare 32 hawwe in taalgedrachskoade makke.

Dy taalgedrachskoade doocht allinnich gauris net. By acht ynstellingen is er net goedkard troch de meisizzenskipsrie. Boppedat binne de koades faak neatsizzend. In protte universiteiten en hegeskoallen sizze dat hja it Ingelsk brûke, om’t dat “meerwaarde” hawwe soe. Wat dy mearwearde dan is, stiet der lykwols net. De ûnderwiisynspeksje sjocht dat de universiteiten en hegeskoallen eins gjin goede arguminten oanfiere kinne en sil de kommende wiken mei alle ynstellings om ‘e tafel om harren op harren ferplichtings te wizen.

Der binne yn Nederlân in stikmennich stúdzjes dy’t it Frysk as wichtige fiertaal brûke: de pabû fan hegeskoalle NHL Stenden yn Ljouwert en de opliedings ta learaar Frysk fan NHL Stenden yn Ljouwert en yn Grins. Fierders kinne studinten fan de Ingelsktalige stúdzje Minorities and multilingualism fan de Ryksuniversiteit Grins in part fan harren stúdzje yn it Frysk folgje, biedt de akademyske pabû yn Grins lessen Frysk oan en kin men oan de Universiteit fan Amsterdam in byfak Frysk folgje. Oft dy stúdzjes de kar foar it Frysk ek ferantwurdzje moatte, is net bekend.

novimber 3, 2019 16:39
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Eric novimber 6, 11:14

    De universiteiten en hegeskoallen fertsjinje jild oan bûtenlânske studinten, en dêrom brûke se Ingelsk. Oars komme dy goed beteljende bûtenlânske studinten net mear nei Nederlân ta.

  2. Abe novimber 6, 13:15

    Yndie. In grut probleem. Ek foar it nivo fan it ûnderwiis. Sa stelt de fioele-oplieding fan it Amsterdamske konservatorium net folle mear foar, sûnt it idee dêr is om safolle mooglik foaral Spaanske en Italjaanske studinten oan te lûken. Oantallen gean boppe kwaliteit. Dat stik globalisearring – neo-liberalisearring – yn it ûnderwiis moat gau fan tafel.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.