Ungelikens fan kânsen op skoalle: oarsaken, gefolgen en oplossings

novimber 11, 2019 09:44

Is der sprake fan ûngelikens fan kânsen yn it ûnderwiis? De ûnderwiisynspeksje konstatearret: “Wy sjogge in kleau tusken kânsearme en kânsrike learlingen. Ut ús ûndersyk docht bliken dat learlingen mei leechoplate âlden stelselmjittich ûnderwurdearre wurde troch leararen yn de advisearring nei it fuortset ûnderwiis.”

Karim Amghar by opnames yn Marokko (foto: NTR)

Yn de fjouwerdielige NTR-searje Karim pakt zijn kans ûndersiket presintator Karim Amghar hoe’t it derfoar stiet mei de kânsen fan learlingen mei in protte potinsje mar net folle middels. Hy praat mei ferskate beliedsmakkers, ûnderfiningssaakkundigen, ûnderwizers, dosinten, âlden en de learlingen sels.

Yn de searje wurde der ferkate oarsaken fan ûngelikensens fan kânsen ûnder de loep nommen: learlingen dy’t te betiid yn hokjes pleatst wurde, segregaasje, skaadûnderwiis, ynfloed fan âlden en leararetekoart. Nettsjinsteande dat der ekstra jild komt fan it ministearje fan Underwiis bliuwt de sektor kritysk. Wurdt der nei echte strukturele oplossings sjoen, of moat ús ûnderwiissysteem hielendal op ’e skeppe?

Yn Karim pakt zijn kans ûndersiket Karim de oarsaken, gefolgen en de oplossings foar kânse-ûngelikensens yn it ûnderwiis. Is der noch hoop op ferbettering of is ûngelikens fan kânsen in feit dêr’t we mei libje moatte? De searje sjocht ek werom op it ferline (histoarysk perspektyf) en sjocht nei de takomst: Karim dy’t foar syn dochterke op syk giet nei in gaadlike skoalle. Wat sil Karim kieze?

Rezjy: Patrick Bisschops
Utstjoering:  Freeds fan 13 desimber ôf, 17.15 oere by de NTR op NPO 2

novimber 11, 2019 09:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.