Twadde ynternettoernoai Frysk Damjen: 35 dielnimmers

novimber 12, 2019 10:58

Op sneintejûn 10 novimber waard it it twadde digitale Kwalifikaasjetoernoei foar it Fyfde Wrâldkampioenskip FRYSK! holden.

Foto: Tsjechysk Dambûn

FRYSK! is Frysk Damjen mei fiif skiven de spiler. Dy fariant is in tal jierren lyn mei stipe fan de Provinsje Fryslân ûntwikkele, om tinksporters fan bûten Fryslân op in tagonklike wize út te nûgjen foar it Fryske Damspul, dat neffens de saakkundigen de yngewikkeldste fariant is fan de ûnderskate damsporten. By it earste toernoai op 21 oktober wiene der 30 dielnimmers; dat tal wie no omheech gien nei 35.

Yn dat toernoai waard Jelle Wiersma út Wommels mei oermacht earste mei 47 punten út 17 spullen. Twad wie in noch altyd ûnbekende dammer mei 35 út 15. Tred wie Elia Cantatore mei 32 punten út 18 spullen. Elia komt út Aosta yn Italië, en hat al ferskate kearen yn Fryslân west. Alle trije de spilers hawwe har no pleatst foar it finaletoernoai, dat in kandidaat foar it WK FRYSK! yn maart 2020 leverje mei. Op it earste toernoai hiene har al pleatst Marten Walinga (Waaksens), Nord Kanstanstin (Minsk) en Dicky van der Meer (Terherne). De twa lêstneamden einigen no ek wer sterk op it sânde en op it sechsde plak.

De folsleine útslach is te finen op dizze link. De details oer it toernoai en de hiele rige is te finen op dizze link.

Itselde wykein waard ek foar de tredde kear in Nasjonaal Tsjechysk Kampioenskip Frysk Damjen (20 skiven, it folle boerd) holden. Dêr waard foar it earst yn ‘e skiednis in frou nasjonaal kampioen Frysk Damjen: Petra Dusková! Har jierrenlange trening en besiten oan Fryslân hawwe dus fertuten dien! De folsleine útslach stiet op dizze link.

novimber 12, 2019 10:58
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.