Twa nije kommisjeleden by Steatefraksjes

novimber 28, 2019 09:18

Harry Bevers (VVD) en Idske Koopmans (GrienLinks)

By de steatefraksjes fan de VVD en GrienLinks binne woansdei nije kommisjeleden beneamd. In kommisjelid is gjin lid fan Provinsjale Steaten, mar kin wol meidwaan oan it debat yn de Steatekommisje. Hy of sy kin ek út namme fan de fraksje lid wêze fan Steatewurkgroepen en it wurd dwaan op de Steatemerk.

Idske Koopmans-Douma (Aldegea SWF,1982) is troch kommissaris fan de Kening Brok beëdige as kommisjelid foar GrienLinks. Frou Koopmans wennet yn Heech en is wurksum foar in notariskantoar yn Snits. Fierder is se aktyf yn Duurzaam Heeg c.q. Energiecoöperatie Heeg en lid fan de Stuwgroep Warm Heeg.

Foar de VVD is Harry Bevers (Maassluis, 1965) beëdige. Bevers wennet yn Ljouwert en is ûndernimmer yn de ynformaasjesektor. Hy hat ek in sit yn de gemeenteried fan Ljouwert. De VVD hie earder al in kommisjelid yn de persoan fan Esther de Vrij fan de Lemmer. Sy skode troch nei Provinsjale Steaten doe’t Avine Fokkens-Kelder deputearre waard.

Eltse fraksje hat de mooglikheid om de earstfolgjende op harren kandidatelist as kommisjelid oan te wizen. GrienLinks is de njoggende fraksje dy’t dêr dizze steateperioade gebrûk fan makket.

novimber 28, 2019 09:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.