Twa Fryske dichters oer de ‘siel fan it lânskip’

novimber 12, 2019 12:40

Vokaal Ensemble Bonifatius sjongt op 16 en 23 novimber o.s. mei solisten Ben Brunt en Netty Otter grutte en lytsere dichtwurken fan Fryske dichters Obe Postma (1868-1963) en Eppie Dam (1953). De gedichten binne muzikaal fertolke troch twa Fryske komponisten, Jan de Jong en Henk-Doeke Odinga, en de Brabânske musikus Frank van Nimwegen. Ferteller en literatuerkenner Doeke Sijens ljochtet eftergrûnen fan de dichters ta.
De útfiering op 16 novimber is yn de Gruttsjerke fan Dokkum en dy op 23 novimber yn de Krústsjerke fan Burgum. Beide útfieringen begjinne om 20.00 oere en steane ûnder lieding fan Hans Algra.

Obe Postma en Eppie Dam binne beide ynspirearre troch de natuer en it plattelânslibben dêr’t se yn opgroeiden. Postma, soan fan in Fryske bouboer, wenne en wurke as dosint en wiskundige yn Grins. Hy liet him kenne as Frysk dichter foar en nei de Twadde Wrâldoarloch. Eppie Dam is hjoed-de-dei op ûnderskate mêden kultureel aktyf en skriuwt Fryske lietteksten en poëzy, ûnder mear út syn kristlike libbensbeskôging wei. Postma hat gjin tsjerklike eftergrûn. Beide dichters krigen foar harren oeuvre de heechste literêre erkenning fan Fryslân, de Gysbert Japicxpriis, yn 1947 respektyflik 2017.

Geastkrêft
Literatuerkenner Doeke Sijens: ‘’Der is in grut ferskil yn toan en direktens fan harren poëzy. Dat is ferweve mei it ferskil yn tiidgeast en persoanlikheid. It is werom te hearren yn de muzikale fertolkingen fan harren wurk. Beide belibje op mystike wize it lânskip en it minsklik bestean, de geastkrêft en natuer sa’t se dy yn Fryslân meekrigen.’’ Sijens jout by it konsert in taljochting op ûnder mear Postma’s gedichten.

Koarwurk
Eppie Dams ‘út genegen fjoer’ is een koarwurk oer de bibelske skeppingsdagen. By gelegenheid fan in skilderijesyklus De Skepping fan de Dokkumer skilder Jan Kooistra hat Jan de Jong it op muzyk set. Under de titel ‘Alde bylden winken’ skreau De Jong ek muzyk by in eigen seleksje fan gedichten fan Obe Postma: oer hoe’t dy it boerelibben fan syn tiid seach. Frank van Nimwegen komponearre ‘Bern fan de ierde’ fan Postma: in rige poëtyske ympresjes fan de dichter oer natuer en lânskip yn Fryslân. Musikus Henk-Doeke Odinga út Snits skreau koartlyn muzyk by trije gedichten fan Postma: ‘De hege dyk lâns’, ‘Lok’ en ‘Myn bestean’. Yn de lêste beide bespegelet Postma yntrospektyf hoe’t er it libben sjocht.

Sjoch foar yntree en programma www.bonifatiusensemble.nl. Foar mear ynformaasje oer it koar kin kontakt opnommen wurde mei Lammert de Hoop, 06 – 109 14 645.

novimber 12, 2019 12:40
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.