Twa Bijkes (gedicht)

novimber 9, 2019 09:30 Fernijd

Twa Bijkes

Foto: pixabay.com

Bijke en Bijke,
d’ iene lyts en d’ oare grut.
D’ iene mei wjukjes
en d’ oare mei in sturt.

O, wat binn’ se tsjinstich,
in tige skerpe noas.
D’ iene siket blomkes,
d’ oare brûkt him oars.

D’ iene is tige waaks,
geriif foar boarger en boer.
D’ oare siket huning
foar yn de bijekoer.

Binn’ se boas, dan bromme se.
Gean mar út ’e wei.
D’ iene byt en d’ oare stekt,
want dat is in ynsekt.

En binne se tefreden,
dan kwispelet Bijkes sturt
en ’t oare bijke wjukwiuwt,
sadat de lucht ferfarske wurdt.

Alles wat libbet hat syn doel
en is op ierde set,
mar wa’t de eagen iepen hat
sjocht mear. Ferjit dat net!

Reinder Posthuma

novimber 9, 2019 09:30 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.