Tsjokke smoch yn New Delhi

novimber 5, 2019 09:01

Fleantugen dy’t rjochting New Delhi fleane, wurde omlaat fanwege de luchtfersmoarging yn de Yndiaaske stêd. Mear as tritich fleantugen binne snein al op in oar plak lâne, mei’t it sicht te min wie.

Foto: pixabay.com

De luchtfersmoarging is sa ekstreem yn New Delhi dat ôfrûne freed de needsituaasje útroppen waard. Sikehuzen yn de stêd hawwe in taname fan pasjinten dy’t problemen hawwe mei it sykheljen. Ferline wike waard begûn mei it útdielen fan fiif miljoen mûlekapkes op skoallen en universiteiten.

Der jildt no in spesjaal rydskema foar auto’s om de útstjit troch it ferkear te beheinen. Op beskate dagen mei allinnich reau mei in even of ûneven kenteken de dyk op. Alle skoallen binne yn elts gefal oant hjoed ticht en bouprojekten lizze op syn koartst in wike stil.

It is net de earste kear dat de needsituaasje yn it lân útroppen wurdt fanwege de luchtfersmoarging. De stêd kampt al jierren mei slimme smoch. De situaasje wurdt alle jierren yn novimber en desimber slimmer, mei troch oanstutsen brannen yn buorsteaten.

novimber 5, 2019 09:01
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.