Trije gadingmakkers Piter Jellespriis foar de Letteren bekend

novimber 28, 2019 09:05

Dichteresse Elske Kampen, it poëzijprojekt Poetic Potatoes en skriuwster Jannie Regnerus binne nei soarchfâldich hifkjen, keazen as de trije gadingmakkers foar de Piter Jellespriis foar de Letteren. De sjuery wie it dêr unanym oer iens.

– Elske Kampen debutearre yn 2010 mei de bondel Fan glês it brekken. Yn 2017 publisearre se Ynbyld. Sjoch hjir.
– Poetic Potatoes is it dichterlik ferslach fan it bysûndere, literêre projekt yn Kulturele Haadstêd Ljouwert 2018, dêr’t poëzij de wei fan de ierappel krúst. Sjoch hjir.
– Jannie Regnerus (Aldebiltsyl, 1971) beskreau yn Nachtschrijver har moeting mei de Fryske dichter Tsjêbbe Hettinga. Sjoch hjir.

Foto: Poetic Potatoes

De Piter Jellespriis foar de Letteren fan gemeente Ljouwert hâldt yn: in oarkonde en in jildbedrach fan € 2.500 foar de winner. De priis wurdt ien kear yn de fjouwer jier útrikt en kin beskikber steld wurde foar alle fasetten en sjenres fan en aktiviteiten op it mêd fan de letteren yn de Fryske en Nederlânske taal. Yn foargeande jierren hawwe Nyk de Vries (2016), Aggie van der Meer (2011) en Nynke Laverman (2006) de priis wûn.

De sjuery 2019 bestiet út Goffe Jensma (heechlearaar Fryske taal- en letterkunde), Kirsten van Santen (sjoernalist) en Coen Peppelenbos (skriuwer, resinsint en dosint NHL Stenden). De sjuery hat derfoar keazen om earst de longlist en dêrnei in shortlist te publisearjen om transparant te wêzen en it ferskaat fan de Fryske taal en Nederlânske taal sjen te litten.

De Piter Jellespriis foar de Letteren wurdt op moandei 9 desimber útrikt yn de Oranjeseal fan it Stedhûs. Oanfang 19.00 oere oant 21. 00 oere. Iepenbiere tagong, oanmelding is net nedich. Tink derom: der is in beheinde kapasiteit.

novimber 28, 2019 09:05
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.