Trije Friezen nei wrâldbekers ta

novimber 2, 2019 11:20

Patrick Roest hat de 5.000 meter wûn op it wrâldbekerkwalifikaasjetoernoai. De trije Friezen einigen op de plakken dêrefter en hellen dêrmei ek in ticket yn foar de earste fjouwer wrâldbekers. De bêste Fries wie Jorrit Bergsma mei in twadde plak. Sven Kramer einige as tredde. Douwe de Vries waard fiifde.

Foar Kramer wie it fansels de fraach oft er goed opknapt wie fan syn knibbelblessuere nei oanlieding fan in auto-ûngelok yn Inzell. Hy ried tsjin syn ploechgenoat Roest. Dy wûn de rit mei krekt gjin baanrekôr. By it yngean fan de lêste omloop ried Roest noch ûnder it baanrekôr fan Danila Semerikov, mar de tiid fan de Rus helle er krekt net.

Semerikov ried 6.08,96 en Roest ried 6.09,83. Kramer einige dêr hast seis sekonden efter. Yn de lêste rit kamen De Vries en Bergsma noch yn aksje. It gie lang lykop tusken dy twa. Bergsma hold lang in lytse foarsprong, bleau flak riden mei allinnich mar 29’ers en ried nei de twadde tiid mei 6.14,34. De Vries waard fiifde mei 6.18,80. Marcel Bosker waard fjirde.

Utslach 5.000 meter:

1. Patrick Roest 6.09,83

2. Jorrit Bergsma 6.14,34

3. Sven Kramer 6.15,71

4. Marcel Bosker 6.18,41

5. Douwe de Vries 6.18,80

7. Marwin Talsma 6.21,33

16. Bob de Vries 6.29,05

19. Bart de Vries 6.36,57

Boarne: Omrop Fryslân

novimber 2, 2019 11:20
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.