Top 2000: trije duo’s fan BN’ers stride yn kwis

novimber 18, 2019 08:35

De ein fan it jier komt tichterby en dat betsjut dat it wer tiid is foar de Top 2000.

Om alfêst yn ’e stimming te kommen, spylje Matthijs van Nieuwkerk en Leo Blokhuis mei trije tiims fan bekende Nederlanners de Top 2000-kwis. De tiims fan dit jier binne: presintators Anniko van Santen & Tim Hofman, sjongeres Jacqueline Govaert & kulinêr resinsint Joël Broekaert en akteur en komediant Henry van Loon & NPO radio 2-dj Stefan Stasse. Hokker tiim sil mei syn kennis, sjarme en fleurigens de platespiler winne?

Tongersdei 28 novimber om 20.25 oere op NPO 3.

Lansearring Top 2000 online kafee
Fans fan de Top 2000 kinne fan 28 novimber ôf, nei de Top 2000-kwis, it hert ophelje yn it ynteraktive Top 2000-kafee. Yn de 360 gradenferzje fan it muzikaalste kafee fan Nederlân fynt men alles dat men al witte woe oer de nûmers en artysten út tweintich jier Top 2000. It Top 2000 online kafee is fan 28 novimber 21.00 oere ôf te finen op top2000.nl. Deis en nachts iepen!

novimber 18, 2019 08:35
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.