Taylor Swift brekt rekôr Michael Jackson by American Music Awards

novimber 25, 2019 10:49

Sjongeres Taylor Swift hat Michael Jackson oertroffen as súksesfolste artyst ea by de American Music Awards. Swift waard by dat muzykgala yn Los Angeles ûnder oare ferkeazen ta artyst fan it jier en artyst fan it desennium. Hja krige ek de priis foar it bêste album. De 29-jierrige Amerikaanske wûn yn har karriêre 29 American Music Awards; fiif mear as Michael Jackson.

Sjongeres Billie Eilish waard by de prizesjoo útroppen ta bêste nije artyst. Hja bruts dit jier troch mei har grutte hit ‘Bad Guy’ en waard ferline wike nominearre foar seis Grammy Awards. De 17-jierrige Eilish is by it Grammy-gala yn jannewaris aanst de jongste ea dy’t dy’t kâns makket op prizen yn fjouwer kategoryen.

In album dêr’t de Nederlânske produsint Roselilah oan meiwurke, is ek nominearre foar in Grammy Award. Hja makke in beat foar in nûmer op it album I Am > I Was fan de Amerikaanske rapper 21 Savage.

Besjoch in filmke fan de útrikking oan Taylor Swift op YouTube.

novimber 25, 2019 10:49
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.