Tamme Katûle en Lytse Bearnd (ferhaal)

novimber 16, 2019 08:01

Dit ferhaal komt fan Marcus van der Zee, berne yn Jobbegea, dy’t ûnder de namme Sloppe Lammert ferskate ferhalen skreaun hat. Dy hawwe yn de tritiger jierren fan de foarige iuw yn it wykblêd Fen Fryske groun stien en binne letter wer yn de Friesland Post ferskynd. 

Tamme Katûle en Lytse Bearnd

Yn ’e Kompenije wennen eartiids party lju dy’t mei in bytsje hannel en út en troch in hântaast wurk by in boer troch de tiid kamen. Inkelden holden ek noch in pear kij. Sokken hiene it dan winterdeis krap.

Op in klomske winterdei stapte ik by Tamme binnen. It like wol as siet er op my te wachtsjen. “Ik tocht al, wêr bliuwt Lammert”, sei er tsjin my. Ik woe eins nei lytse Bearnd en dan woe ik dy wol mei ha. “Bearnd hat it op dit stuit neat te rom mei dit rotwaar. Giest mei?”

Bearnd wie in man mei in koart lontsje en in lang mes. Dat mes brûkte er allinne mar om in mol of in knyn út de jas te helpen. Doe’t wy by him kamen, wie er dûm, hy hie de kij loslitten en yn it lege heafek jage en gnoarre tsjin harren: “No kinne jimme sels sjen dat der neat mear te fretten is.” En doe’t er ús seach: “Gean der mar yn, de flesse is op twa fingerbreed nei leech, mar meitsje de boel mar op en lit it dan mar komme sa’t it komt.”

“No ju, net sa mâl”, sei Tamme, “dy bisten ha neat te fretten, dat begryp ik wol, mar hoe is it mei dy?”
“Och”, sei Bearnd, “dat giet wol, mar dat gebalt fan dy kij, dêr wurdt in minske gek fan.”

Tamme seach Bearnd ris op en del oan en sei: “Ik moat efkes nei Ids Idsinga. Dy hat in sike ko en dêr wol er fuortdaliks net mei nei de feedokter. Hy woe wol graach dat ik der earst ris nei seach. No wol it net sizze dat dy man mear fertrouwen yn my hat as yn de feedokter, mar it kostet him al minder as in rekkentsje fan dy man. Dat dan woe ik dy wol mei ha.”

It spultsje fan Idsinga stie oan de Bûtewei. It wie in smoarge en deune boer mei in noas dy’t altiten oan de wiete kant wie en in pear eagen dy’t jin nea rjocht oanseagen. Yn it bûthús wie it skimerich en smoarch. De kij wiene nedich oan sturtwaskjen ta. “Ik leau dat de kij hjir mear fan it skiten lije as fan it kealjen”, sei Tamme súntsjes tsjin Bearnd. En tsjin Idsinga: “It muoit my wol dat dat bonkehokje sa út de waarme stal nei bûten moat, mar bûten kin ik it better besjen.”

Bûtendoar begûn Tamme mei syn ûndersyk. Hy knypte en taaste wat en seach de ko ris ûnder de sturt en yn de bek.
“Is it slim?”, frege de boer.
“No, ôfmeitsje hoecht noch net”, sei Tamme, “mar it bist moat al wat ha dat it op ’e kluten helpt. Bearnd, kom hjir ris, do moatst my helpe.”

De beide manlju stutsen de koppen byinoar en doe’t se dêr klear mei wiene, sei Tamme tsjin de boer:
“Idsinga, ik sil in middel tapasse dêr’t de feedokters noch nea fan heard ha. Ik haw it fan in wûnderdokter by de sigeuners wei. Mar tink derom, salang’t it bist ûnder behanneling is mei der net praat wurde. Jo frou moat komme mei in kuorke mei in snies (20) aaien en josels moatte skarreld op de rêch fan de ko sitten gean, mei it antlit nei efteren, want jo moatte de sturt omheech hâlde. Bearnd, do witst watsto dwaan moatst. Ik stean by de kop om it triljen op te fangen as de ko syn ynstruiïng kriget.”

Doe’t alles teplak wie joech Tamme Bearnd in wink dat er begjinne koe. Bearnd pakte in aai en sloech it stikken op de râne fan it kuorke, slobbere de djerre derút en smiet de doppen tsjin de kont fan de ko. Hy hie krekt it sânde aai op doe’t de boer op de kowerêch rôp: “Moat dit helpe, Tamme?”

Tamme andere: “As it net helpt, dan docht it it bist ek gjin kwea, wol?”
“Ik traapje jimme fan it hiem ôf”, raasde de boer en besocht om fan de kowerêch ôf te kommen. Mar fan it skoppen kaam net folle, want de boer siet noch op de rêch te skellen en te rachen doe’t Tamme en Bearnd fan it hiem ôf rûnen.
“De aaien klokje my yn it liif om”, sei Bearnd, “ik bin der suver ûngedien fan.” “Dat is wol te ferhelpen”, sei Tamme. Wy geane nei de herberch Moeder de Gans en nimme in pear brandewyntsjes deroerhinne, dan krigest kleare advokaat yn ’e mage.”

By Moeder de Gans wie gâns drokte. De manlju sochten yn minne tiden harren dielgenoaten op. By de gasten siet ek Jelle Veenstra, in rike skevel. De man hie in buorkerij fan komsa. De Wylde Baarch, in âld-skoalmaster, hie daliks in grutte bek doe’t er Bearnd seach: “Wol ja, gjin neil om de kont te klauwen mar wol nei de herberch.”

Ik seach ris nei Bearnd en tocht: no Baarch, asto ea oan it slachtsjen ta bist, dan bisto der net fier mear ôf. Mar Bearnd ferluts gjin spier, knypeage my ta en sei: “Ik moat earst de advokaat yn de mage klearmeitsje.”

Mar de Wylde Baarch wie noch net útpraat en begûn wakker te swetsen oer Jelle Veenstra. Dat wie nochris in boer dy’t, al hie it in minne simmer west, dochs de fekken fol hea hie. Dat wie in oare boer as dy ûnnoazele wrotters op in toar stikje lân. Dy wiene it deaskoppen net wurdich. It wie de Baarch miskien wol te dwaan om in pear slokjes los te peuterjen fan Veenstra, troch him in fear yn de kont te stekken.

Doe kaam Tamme oerein en trêde op de Wylde Baarch ta. Hy pakte de stoel mei de Baarch derop en sette it hiele spul op it biljert. “Wat seine jo?”, frege er. De Baarch seach benaud om him hinne en begûn wat gûlerich te stammerjen. Tamme Katûle bleau iiskâld. “Jo moasten Jelle mar ris freegje oft dy net in pear foer hea misse kin foar Bearnd.” Helpleas seach de Baarch nei Jelle, mar dy skodholle.

“Dat miene jo net, Veenstra”, sei Tamme, “jo dogge der goed wurk mei.” Tamme knypeage nei de kastlein en sei: “It wurdt al aardich tsjuster, wy moatte mar op hûs oan.”

“Ja,” sei de kastlein, “ik doch de taap ticht, it is tsjustere moanne. Minsken, minsken”, sei de kastlein, wat is it al tsjuster, “ik sil jimme efkes byljochtsje.” Hy krige in lantearne en draaide de flam sa heach mooglik op en hold him flak foar de eagen fan de Baarch en Jelle. Doe’t dy bûten kamen seagen se hielendal neat mear en rekken fan it smelle paad yn de wyk. “Help, help,” waard roppen.

“Helje gau in polsstôk op”, sei Tamme. Dat barde en Tamme stuts de polsstôk yn it wetter. “Hawwe jim him goed fêst minsken?”
“Ja”, klonk it beverich.
“Och heden, dit soe ’k hast ferjitte, hoefolle hea kinne jo misse foar Bearnd, Veenstra?”
“Ien foer”, bibbere Veenstra.
Tamme: “Ik kin jo min ferstean. Seine jo trije of fjouwer foer?”
“Trije foer”, klonk it.
“Fiif foer, dan is dat ôfpraat”, sei Tamme en doe waarden de twa drinkelingen de wâl oplutsen en koe Bearnd wer in poaske de kij fretten jaan.

Mei tank oan Goasse van de Bos. Opnij ferteld troch Jangerben Mulder. Sa komt it meikoarten yn Groot Heerenveen te stean.
Yllustraasje: Joop Kramer, Aldhoarne

 

 

 

 

 

 

 

novimber 16, 2019 08:01
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.