Subsydzje proef pop up-hotelkeamers yn Fryske tsjerken
Resint ferskynd
Yn 2020 is der yn Fryslân in proef mei pop up-hotelkeamers yn tsjerken. It is in inisjatyf fan “Heilige Nachten”. De provinsje stelt 45.000 euro subsydzje beskikber foar de proef en de opstartfaze.
It giet om in proef fan maart oant en mei septimber mei 15 tsjerken. Tsien tsjerken dy’t it konsept fan Heilige Nachten besykje wolle en fiif tsjerken dy’t al hotel binne. De inisjatyfnimmers sykje noch tsjerken dy’t meidwaan wolle. Ynteressearre eigeners fan tsjerkegebouwen kinne har melde.
Hillige Nachten
Leafhawwers kinne fia www.heiligenachten.nl in oernachting yn in tsjerke boeke. Dy tsjerken steane leech of binne op syk nei in bestimming. It mooglik meitsjen fan de oernachting bart fia in pop up-konsept. Dat betsjut dat de tsjerke en de monumintale wearden net oantaast wurde en dat it konsept bestean kin neist besteande aktiviteiten yn de tsjerke.

Offenwier, Niklaastsjerke (foto Wikimedia Commons © Michiel Verbeek)
“Leefberens, toerisme en in ympuls foar erfgoed. Yn mear as ien opsicht is dit in moaie kâns”, seit deputearre Avine Fokkens-Kelder. De unike sliepromte foar de besiker is tagelyk in bydrage oan it fuortbestean fan de tsjerke. Mei dat strukturele ynkommen kin de tsjerke in part fan it ûnderhâld en/of behâld finansierje.
Nei de proef yn Fryslân is it de bedoeling fan Heilige Nachten om it konsept yn hiel Nederlân oan te bieden.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje