Stikstof: Provinsje hâldt fêst oan Fryske oanpak

novimber 30, 2019 09:01

It Ryk en de provinsjes hawwe freed oerlis fierd oer de oanpak stikstof. Nei oanlieding fan dat oerlis komt it IPO mei in ferklearring.

It provinsjehûs yn Ljouwert (foto: pixabay.com)

De provinsje Fryslân komt mei syn eigen ferklearring:
“Krekt as op 17 oktober lêstlyn kommunisearre is, giet de provinsje Fryslân ek hjoed, oangeande de oanpak stikstof, noch hieltyd út fan de Fryske Oanpak: it iepen petear tusken de Mienskip en provinsje om ta in droegen beslút te kommen.

Ofrûne wiken hawwe wy ferskate petearen fierd mei de fertsjintwurdigers fan lânbou, natuer en it bedriuwslibben. Dat wiene iepen en konstruktive petearen.

Ryk en IPO komme tichter byinoar. Provinsje Fryslân besiket mei de Fryske Oanpak oan te sluten by it Ryk en IPO. Lykwols stiet it ferrin fan de Fryske Oanpak foar ús foarop.”

novimber 30, 2019 09:01
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.