Spikerhurde krityk op âld-Akademy-direkteur Hanno Brand

novimber 30, 2019 12:11

Fryske Akademy. Foto © Aant Mulder

Hanno Brand hat de Fryske Akademy as direkteur-bestjoerder stikken makke. Dat skriuwe trije minsken dy’t nau by de Akademy behelle binne: Reinier Salverda, Bearn Bilker en Jan Kersbergen yn in iepen brief oan de provinsje Fryslân. Hja skriuwe dat troch Brand de Akademy “wetenschappelijk en financieel in een vrije val geraakt” is.

De trije manlju wize derop dat de Fryske Akademy jildpine hat, dat der gjin wittenskiplik bestjoerder mear is en dat der al jierren gjin nije minsken mear oannommen wurde. It wittenskiplik prestiizje is neffens harren fuort. De Akademy wurdt út de Koninklijke Nederlandse Academie van Wetenschappen set, de KNAW. Neffens de trije koenen Brand en de rie fan tafersjoch net samar beslute dat de Akademy dêrút set wurde soe, mei’t dat it foech fan ‘e provinsje wie.

De problemen binne neffens de trije nei 2014 begûn. Doe bliek de Akademy nei ûndersyk finansjeel sûn te wêzen. In ûndersyk út 2009 nei de wittenskiplike kwaliteit wie ek posityf.

De trije briefskriuwers pleitsje derfoar dat de provinsje him ferset tsjin de plannen en easket dat de Akademy lid bliuwt fan de KNAW. Oars bestiet neffens harren it gefaar dat de Akademy aansen net mear is as “een oudheidskamer met hooguit provinciale betekenis”.

It brief is yn in bewurke ferzje ek pleatst op it webstee Neerlandistiek.nl. Klik hjirre om it te lêzen.

Klik hjir foar earder nijs oer Hanno Brand.

novimber 30, 2019 12:11
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Cor Jousma desimber 1, 18:11

    Is dy ferbouwing betocht ûnder dyselde Salverda ek net begûn yn 2014? Se hiene better hiere kinnen!

    Der wie in tiid dat de Akademy in finansjeel man mei kont yn de broek hie. Doe rûn it dochs hiel aardich.

    Wat my foldie oan Brand wie syn Frysk praten. Fan Salverda haw ik nea in knap wurd Frysk heard. Ik haw op in stuit oppere der mar in foarljochter njonken te setten.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.