Spanje in plysjesteat?

novimber 7, 2019 09:50

Ynstjoerd

De situaasje yn Kataloanië liket folslein út ’e hân te rinnen, no’t it Spaanske Heechgerjochtshôf njoggen Katalaanske lieders ta lange finzenisstraffen feroardiele hat. Ien fan de finzenen, Oriol Junqueras, waard keazen as Europarlemintariër, mar hy mocht fan de Spaanske steat syn sit net ynnimme (syn sit wurdt troch Spanje “fakant” neamd).

Regiopresidint Carles Puigdemont dy’t noch altiten yn ballingskip yn België libbet, is noch net feroardiele, omdat yn Spanje gjin minsken by ferstek feroardiele wurde, mar sadree’t er ien foet oer de Spaanske grins set, hinget er en sil er sûnder mis ta in lange finzenisstraf feroardiele wurde. Underwilens wol Spanje op ’e nij besykje om him útlevere te krijen. En dat allinnich omdat it Katalaanske regioregear inkelde jierren lyn in referindum organisearre hat oer mooglike ôfskieding fan Spanje. Dêr hawwe Katalanen nea geweld by brûkt. Krektoarsom waarden tsientallen Katalaanske demonstranten foar ûnôfhinklikens yninoar slein troch de Spaanske plysje. Spanje skeint it fûneminteel minskerjocht op frije mieningsutering, wat oantoant dat Spanje net echt in rjochtssteat nei Europeesk model is.

Ferlykje de situaasje yn Kataloanië mar mei dy yn Skotlân, doe’t dêr in referindum holden waard oer ôfskieding fan Grut-Brittannië (en aansten nei de Brexit faaks wer). Oars as yn Kataloanië wie dêr gjin sprake fan oerheidsgeweld of arrestaasje fan politike lieders.

Los fan Spanje is it foar my ûnbegryplik dat de EU (en benammen it Europarlemint) dat allegearre kritykleas barre lit yn in lidsteat. Fynt de EU it normaal dat minsken dy’t foar harren miening útkomme, yn ’e finzenis bedarje? Yn it Europarlemint hat allinnich de EFA (dy’t regionale minderheden yn Europa fertsjintwurdiget en dêr’t de FNP ek by oansletten is) protest oantekene tsjin dy ûndemokratyske gong fan saken. EU-lieders as Timmermans hawwe wol krityk op de útholling fan de rjochtspraak yn lannen as Hongarije en Poalen, mar oer Spanje heart men harren net. Is dat net taapje mei twa mjitten? It wurdt tiid dat it Nederlânsk regear in tsjinlûd hearre lit!

Jehannes Elzinga
Frjentsjer

novimber 7, 2019 09:50
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. RobMokum novimber 7, 11:14

    Grikelân is ek nea bekritisearre om de behanneling fan de Slaven yn it noarden, Itaalje net om de behanneling fan de Súd-Tirolers. De EU is yn earste ynstansje oprjochte foar in markt sûnder grinzen. In sûne ekonomie is ien fan de wichtigste betingsten foar frede, mar wis net dé wichtigste. Dat fan de EU hoecht Kataloanje gjin stipe te ferwachtsjen.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.