Spaanske kroanprinsesse Leonor praat by besite oan Kataloanië foaral Katalaansk

novimber 2, 2019 12:50

Prinsesse Leonor (foto: regear fan Spanje)

De Spaanske kroanprinsesse Leonor sil kommende moandei foar it earst in besite bringe oan Kataloanië. De fjirtjinjierrige prinsesse sil by dy gelegenheid benammen Katalaansk prate. Yn dy taal hat hja jierren les hân, krekt as har suske Sofía.

It keninklik hûs hat ferskate kearen yn bestân stien om de besite ôf te sizzen, mei’t der hast alle dagen rebûlje is. Der wurdt in protte demonstrearre tsjin de finzenisstraffen dy’t Katalaanske politisy krige hawwe foar harren meiwurking oan it ûnôfhinklikheidsreferindum fan 2017. Der binne ek geregeld demonstraasjes fan foar- en tsjinstanners fan in ûnôfhinklik Kataloanië. Dy ferrinne lang net altyd freedsum.

It liket der no lykwols op dat de besite dochs trochgiet. Leonor presintearret har op it stuit yn alle Spaanske regio’s as takomstige keninginne en it is neffens it keninklik hûs net goed as hja Kataloanië oerslacht. Der is wol oankundige dat hja tige swier bewekke wurde sil.

Hoewol’t de Spaanske kening neat hawwe moat fan de ôfskiedingswinsk fan guon Spaanske regio’s, lykas Kataloanië en Baskelân, is it foar him wol wichtich dat syn bern de talen fan dy gebieten leare. De twa prinsessen hawwe dêrom jierrenlang les hân yn de foarnaamste minderheidstalen fan Spanje.

novimber 2, 2019 12:50
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Oane Talsma novimber 2, 15:29

    Soe it net mooi wêze: keningshûs praat ek Frysk?

  2. Sybren novimber 2, 15:55

    Persoanlijk fyn ik dat WA foar dy 100 miljoen euro ek wolris in Afuk-kursus dwaan mei

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.