Smookferbod yn films

novimber 21, 2019 10:20

Ynstjoerd 

Foto: Wikipedia/Chmee2 – lisinsje CC BY-SA 3.0

Dat smoken min is foar jins sûnens is in iepen doar. Op alderhande wizen wurdt besocht troch de oerheid om benammen de jongerein it smoken te ûntrieden. Reklame foar sigaretten mei net mear makke wurde, de pakjes binne foarsjoen fan de ferskriklikste syktebylden. Dêrom is it namste nuverder dat yn films smoken noch altiten tastien is. Sa seach ik ôfrûne wykein op it Noordelijk Film Festival yn Ljouwert mar leafst trije films dêr’t omraak yn smookt waard (Mjolk, Phoenix en Aurora). Oer it generaal bestiet it moderne filmpublyk foar it grutste part út jongerein en it is bekend dat just pubers tige beynfloedber binne troch films. Pubers ferkeare krekt yn it proses te kedizen om wol of net te smoken. As it de oerheid it serieus mient, leit hjir de taak om safolle mooglik smoken yn films te ferbieden. Dat moat dan wol yn ynternasjonaal ferbân, want de measte films komme út it bûtenlân.

Of is de oerheid eins wol bliid dat der safolle smookt wurdt sjoen de hege belêsting op sigaretten ?

Jehannes Elzinga
Frjentsjer

novimber 21, 2019 10:20
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.