Skotske rjochter ferbiedt gebrûk Gaelic

novimber 2, 2019 10:58

In fertochte dy’t yn Edinburgh foar de rjochter stie, mocht tongersdei fan ‘e rjochter gjin Gaelic prate. Dat hat yn Skotlân foar argewaasje soarge ûnder sprekkers fan ‘e taal. Dy taal hat sa’n sechtichtûzen sprekkers, dy’t benammen yn it uterste noarden fan it lân wenje. It is de taal dy’t it langst yn gebrûk is yn Skotlân.

Neffens taalûndersikers Rob Dunbar is it tiid dat it rjocht om foar de rjochter Gaelic te praten yn ‘e wet fêstlein wurdt. Hy wiist derop dat der wol taalwetten binne, dy’t bygelyks it rjocht fan bern op Gaelictalich ûnderwiis beskriuwe, mar dat der neat yn sein wurdt oer it taalgebrûk foar de rjochtbank.

Wol is der sûnt 2005 in wet, de Gaelic Language Act, dy’t seit dat it Ingelsk en it Gaelic “lykweardich” binne. en dat de oerheid “de tagong ta it Gaelic fasilitearje” moat. Dat wurdt lykwols net praktysk útwurke. Neffens de koepel fan Skotske rjochtbanken mei elke rjochter sels útmeitsje oft er it Gaelic as fiertaal yn ‘e sitting tastiet. It is yn it resinte ferline neffens in wurdfierder lykwols nea foarkaam dat ien it fersyk die om Gaelic yn ‘e rjochtbank te brûken.

novimber 2, 2019 10:58
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.