Simone Djurrema: Suertsjes skoaie by de buorlju

novimber 23, 2019 20:00

Kollum

Skoaie om suertsjes of oar snobguod, dat diene wy eartiids neffens my net safolle.

Wy hiene in efterbuorfrou, Keeke, hoe’t ik dat staverje moat, wit ik net. Mar ik kin my wol yn it sin bringe dat ik altyd by har namme oan cake tocht. Wy wiene bang fan har en har hûn, in yn ús eagen in ‘hiel grutte’ brune minypinsjer dy’t Bamby hjitte, o sa aaklik! Yn werklikheid wie er net folle grutter as in hamster, mar hy blafte wol sa aldermachtichst! Ik moat Keeke ek in kear op in oare wize troffen hawwe, want neffens my haw ik dochs wol in kear in suertsje fan har krige. Dat eins sille wy it ús mar ynbylde hawwe dat se net aardich wie.

Dan hiene we ferskeidene buorlju dy’t ek bern hiene. Der hoegden we net oan te beljen foar in suertsje, want dêr wiene we sa no en dan dochs al. Om te boartsjen, om’t se op ús passe soene of samar efkes. Us neiste buorlju hiene kninen en dowen. Dat fûn ik fansels geweldich. Se hiene in enoarme Flaamske Reus dy’t se Buorfrou Boudyn neamd hiene, nei ús mem. Jierren letter begriep ik pas dat de útdrukking Flaamske reuzen ek wol brûkt waard om oan te jaan dat in frou gjin bh droech. Dat struts hielendal net mei ús mem, dat lit ús hoopje dat it tafal wie, en as it wol op har slein hie, dat it dan gelokkich net sa slim wie.

Njonken ús wennen de Poortema’s. Der giene ferhalen dat se harren namme feroare hiene en dat se eins Poepjes hieten. Dat wie sensaasje fansels! Dy wiene hiel bot op harrensels en dêrom wiene it ‘boaze’ buorlju. En krekt as yn alle berneboeken en -films is der wol ris in bal fan ús by harren yn ’e tún belâne. Dan giene we der deabenaud hinne en hopen we dat se net thús wiene. It skimeret my sawat dat ik wol ris netsjes oankloppe haw om te freegjen oft ik de bal pakke mocht. Doe foel buorfrou my ek noch wol ta; se kaam my yn alle gefallen net mei de biezem of sa efternei, sa’t ik eins ferwachte hie. Ast sa jong bist, kinst guon sommige dingen hiel spannend meitsje! Doe’t myn sus en ik âld genôch wiene om troch in feint thúsbrocht te wurden, seagen we wol ris in gleone peuk efter de hage opgloeien as we ôfskied namen: de buorman… Dat wie eins folle aakliker!

It komt derop del dat de buorlju dy’t we hast nea seagen, dat wy dêr hiele ferhalen oer en gedachten by hiene. Allinnich mar grizelige. En de buorlju dy’t we koene… dy koene we gewoan. Sa simpel wie it.

Wy hawwe hjir net safolle buorlju. Op sa’n fiifhûndert meter fan ús ôf wennet in húshâlding mei fiif bern. Allegearre jonges. Ien fan dy jonkjes komt sa no en dan del mei in freontsje of freondintsje. Dan hear ik him op ’e doar klopjen en stiet er dêr. Dan prate we wat en dan freegje ik him oft er in suertsje hawwe wol. Ik wit net rjocht mear hoe’t er derefter kommen is dat ik suertsjes jou, mar hy wit it no. Op in kear sei ik tsjin him:
“Ik fyn it wol moai datst sa no en dan ris delkomst. Do ek?”
“Ja,” dat fûn Harry ek wol.
“Of dochst it eins omdatst wat lekkers krigest?”, knypeage ik.
“Ja, eins wol”, joech Harry earlik ta.
Ik moast sa myn laitsjen ynhâlde fat ik hast smoarde. Hy wie sa earlik! Ik haw fuort in grutte bak snobguod kocht en der Buorbern op skreaun.

Lêsten hearde ik it klopjen op ’e doar en doe seach ik neat troch it rútsje. Ik die de doar iepen en…
“RRRAAAHHH!!!”, dêr sprongen in bist en in hekse tefoarskyn. It wie Halloween! Ik skrok echt en dat wie fansels geweldich!

Fan ’e wike kaam Harry mei in kameraatsje, krekt doe’t ik der mei de hûn út soe. Ik seach dat se de skoaltassen noch by harren hiene, dat ik frege oft mem wol wist wêr’t se wiene. “Nô, nee.” Doe haw ik mar efkes belle en sein dat er it tenei wol efkes by mem melde moat. Soks kinne se fansels ek net samar witte.
Se hawwe gesellich mei west en mei de hûn draafd. Dy fûn it hielendal prachtich.

We hawwe net safolle buorlju, dat ik moat sizze: dat foldocht my wol. Ik wol graach dy buorfrou wêze by wa’t se oanklopje foar in suertsje.

Simone Djurrema-van der Wal út Garyp wennet sûnt 2015 mei har man en bern yn Mellerud yn Sweden. De foto binne fan harsels.
novimber 23, 2019 20:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.