Sequens wint 29e edysje sjongfestival Liet

novimber 16, 2019 10:07

It duo Sequens hat freedtejûn yn poppoadium Neushoorn yn Ljouwert it Fryske sjongfestival Liet wûn. Fan de tsien finalisten krigen Angeline Westra en Wieger Jelsma, út Surhústerfean en Aldegea, 44 punten fan de faksjuery.

Sequens (foto: Liet)

“We binne ferrast, mar hiel bliid,” sei Angeline yn in earste reaksje. Oer it nûmer ‘Do bist frij’ seit de faksjuery dat it in moaie ferhaalline hat, mei in aktueel maatskiplik tema oer loverboys. Sequens sil as winner fan dizze 29e edysje fan Liet oar jier april Fryslân fertsjinwurdigje op Liet International yn it Deenske Aabenraa. Op it twadde plak einigen Minke & Lucia mei it liet ‘Nachts’. Treds waard Folkert- Hans en syn achtkoppige formaasje mei ‘De taal fan de muzyk’.

De tekstpriis foar de bêste Frysktalige tekst gie nei Volk!! mei it nûmer ‘Rinskje’. Mei dizze priis wol de organisaasje it skriuwen fan Frysktalige muzyknûmers stimulearje. In bysûndere tekst basearre op in nûmer fan Meindert Talma. Njonken de haadpriis wûn Sequens ek de muzikantepriis, nei in stimming ûnder de tsien finalisten.

De finale fan Liet sette útein mei special guest Twarres. Tegearre mei strikers fan it Frysk Jeugd Orkest spile Mirjam mei har nije sjongpartner Kristian Dijkstra opnij Wêr bisto, yn hast deselde formaasje as 20 jier lyn. Yn 1999 wûn Mirjam Timmer mei har doetiidske sjongpartner Johan van der Veen de publykspriis fan it Frysk sjongfestival. ”It wie in magyske ûnderfining om it krektlyk as yn 1999 wer ris mei strikers te spyljen. No mei in nije generaasje fan it Frysk Jeugd Orkest”, sei Mirjam nei ôfrin.

Neist de sjongwedstriid en Twarres kaam Liet ek mei in nij cross-over programma, wêrby’t bekende Fryske artysten neist eigen wurk harren ek weagen oan de Fryske taal. Dit diel levere bysûndere kombinaasjes op: Broken Brass Ensemble tegearre mei Ed Lip en Aart Lus, Marcel Smit en Leonard Ford, Woe Blind Birds en operasjongeres Elizabeth Kooy en WIEBE tegearre mei Esther de Jong.

De folsleine útslach fan Liet 2019:

  1. Sequens
  2. Minke & Lucia
  3. Folkert-Hans
  4. Fisk & The Stereomachine en J.A.N. (ex aequo)
  5. BOOTS & The Jackals
  6. Volk!!
  7. Tigers fan Greonterp
  8. Dirk Muzyk
  9. Mused
novimber 16, 2019 10:07
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.