Seldsume liuwemummys yn Egypte ûntdutsen

novimber 28, 2019 09:34

In tiim fan archeologen ûnder lieding fan de Egyptyske Supreme Council of Antiquities (SCA) hat fiif liuwemummys fûn, nei alle gedachten fan welpen. De mummys waarden ûntdutsen yn de nekropolis Bubasteion, in katakombe fol kattemummys yn Saqqara.

Foto: Wikimedia Commons – publyk domein

De mummifisearre welpkes fan elk sa’n njoggentich sintimeter lang moatte by harren dea sa’n acht moanne âld west ha en hearden by in grutte kolleksje houten en brûnzen stânbylden fan katten en oare mummifisearre bisten, lykas kobra’s en krokodillen. Neffens de SCA stamje de foarwerpen út de 26e Dynasty (664-525 foar Kristus).

De liuw naam yn it âlde Egypte in befoarrjochte posysje yn en waard sjoen as de meast freze kriger yn de wylde natuer. In protte farao’s giene op liuwejacht om harren eigen macht te demonstrearjen.

novimber 28, 2019 09:34
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.