Salt Lake City: Schulting ferbetteret rekord, Breeuwsma falt

novimber 2, 2019 11:03

Shorttrackster Suzanne Schulting hat op de iepeningsdei fan de earste wrâldbeker yn Salt Lake City har Nederlânsk rekord op de 1.000 meter ferbettere. Schulting finishte yn har searje yn in tiid fan 1.27,287 en dêrmei pleatste sy har maklik foar de kwartfinales. Rianne de Vries koe har ek kwalifisearje foar de folgjende omgong.

Schulting pleatste har op de 1.500 meter, ek mei winst yn har kwalifikaasje-omgong (2.33,137), foar de heale finales. De Vries en Marijn Wiersma hawwe it op dy ôfstân net helle.

By de manlju foel Daan Breeuwsma op ‘e 1500 meter. Hy waard oantikke troch Olech Handei út Oekraïne. Itzhak de Laat kaam as twadde oer de finish en pleatste him foar de heale finale. Hy gie net troch op de 500 meter. Op de 1000 meter waarden Breeuwsma, Dennis Visser en Jasper Brunsmann útskeakele.

Breeuwsma, De Laat, Schulting en Lara van Ruijven pakten it twadde plak op de mixed relay en giene dêrmei troch nei de heale finale op sneon. Dat jildt ek foar de frouljusploech (mei Van Ruijven, De Vries, Schulting en Yara van Kerkhof) en de manlju (Visser, De Laat en Breeuwsma en Dylan Hoogerwerf).

Boarne: Omrop Fryslân

novimber 2, 2019 11:03
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.