Rom baan foar natuer op provinsjale grûn

novimber 14, 2019 15:12

Foar grûn dy’t de provinsje ferpachtet, jilde mei yngong fan takom jier nije regels mei as doel om natuer, bioferskaat en miljeukwaliteit te fersterkjen. It giet om lân dat de provinsje op it stuit net nedich hat en agrariërs pachtsje kinne.

De provinsje set ekstra yn op it fersterkjen fan natuerlike wearden en it befoarderjen fan it bioferskaat foar stikken grûn dy’t yn de Nasjonale Natuernetwurk-gebieten lizze. By lân bûten dy gebieten set de provinsje yn op it ferbetterjen fan boaiem- en wetterkwaliteit. Te tinken falt oan dongfrije sônes en it yndamjen fan it gebrûk fan gemyske bestridingsmiddels. By stikken grûn yn greidefûgelkearngebieden binne ekstra betingsten opnaam foar it beskermjen fan greidefûgels.

Kritearia
Boeren kinne har op de webside www.pachtgrond.frl ynskriuwe op de beskikbere perselen. Oan de hân fan duorsumheidssertifikaten en bewiismateriaal, dêr’t de ynskriuwers mei sjen litte kinne hoe natuerynklusyf oft harren bedriuwsfiering is, berekkenet de provinsje in duorsumheidsskoare. Dejinge mei de heechste skoare kriget de grûn takend.

De provinsje hat sirka 2.200 bunder boerelân yn eigendom. Dat wurdt beholden foar bygelyks takomstige natuerprojekten. Dy grûn kinne boeren tydlik pachtsje. Deputeare Steaten stelle jierliks de útgongspunten foar it gebrûk fêst.

novimber 14, 2019 15:12
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.