Requim John Rutter yn Grou

novimber 10, 2019 09:38

Op snein 24 novimber wurdt yn de Sint-Pitertsjerke fan Grou it Requim fan John Rutter útfierd troch de Cantorij van de Nieuwe kerk yn Grins ûnder lieding fan Mannis Hofsink. It wurdt in ymposante útfiering dêr’t elkenien fertriet en treast, hoop en ferbûnens yn ûndergean mei.

De Britske komponist, oargelist en koardirigent John Rutter skreau syn Requim yn 1985 ta in oantinken oan syn heit. It is in treastend en hoopfol wurk, passend op de lêste snein fan it tsjerklik jier as de deaden fan it ôfrûne jier betocht wurde. Dochs giet it de tsjustere en aaklike mominten net út ’e wei, lykas yn it begjin fan diel 1, as it taasten nei it tsjuster útbylde wurdt troch dissonante klanken. Al gau klinkt lykwols de treastrike meldij op de wurden Requim aeternam en Kyrie eleison.

It Pie Jesu is folslein yn sfear en it Sanctus (en Benedictus) wurdt licht ynset. Sa útlitten as it Sanctus is, sa treurich is it folgjende diel. Under begelieding fan paukeslaggen, dy’t wat weihawwe fan in deademars, sjongt it koar fan ‘it Laam dat de lêst fan de wrâld weidraacht’. De tafoege teksten út it bibelboek Job en it evangeelje neffens Johannes binne te sjen as it hert fan de komposysje. It lêste diel, Lux Aeterna, sprekt fan twivel fertriet, mar ek fan treast en hoop.

Behalve it Requiem sjongt de kantorij twa koarte koarstikken fan Howard Goodall, t.w. ‘The Lord is my Shepherd’ en ‘Love Divine’.

De solisten binne
Alina Rozeboom – sopraan
Petra van den Dolder – fluit
Leoni van Eldik – hobo
Annegreet Rouw – harp
Kate Harris – sello
Carl Visser – oargel
Leon Giethoorn – slagwerk

De útfiering begjint om 16.00 oere. Tagongskaarten à € 13,50 binne te reservearjen op https://sintpiterconcerten.nl/rutter-requiem/

novimber 10, 2019 09:38
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.