Reedrydnijs: wrâldbekerwedstriden snein

novimber 3, 2019 19:50

Letitia de Jong fan Feanwâlden hat sneintemiddei yn Thialf in startplak ferovere foar de wrâldbekers op de 1.000 meter. Op it kwalifikaasjetoernoai kaam se ta in tiid fan 1.15,12. Dêrmei helle se it tredde plak. Ireen Wüst fan It Hearrenfean (1.14,77) en Antoinette de Jong fan Rottum (1.15,51) pakten ek in ticket. De winst gie nei Jorien ter Mors. Sy ried 1.14,56.

Letitia de Jong kaam sneontemiddei mei in sechsde plak noch fjouwer hûndertsten te koart foar in startplak foar de wrâldbekers op de 500 meter. Ditkear wie de Friezinne nei har rit al wis fan in plak by de bêste fiif. Mei noch fjouwer froulju te gean pakte se de lieding mei 1.15,12. Yn de twa ritten dêrnei wiene allinnich Ireen Wüst en Jorien ter Mors noch flugger.

Foar Antoinette de Jong wie it lang ûndúdlik oft se in ticket pakke soe. De 24-jierige reedrydster stie mei noch ien rit op it programma fjirde mei 1.15,51. Wüst wie yn dy lêste rit in stik flugger, mar Sanneke de Neeling ried krekt as Antoinette de Jong 1.15,51. Uteinlik wie de Friezinne trije tûzensten flugger as De Neeling en dus gie de fiifde plak en it ticket nei Antoinette de Jong.

Helga Drost (Akkrum), Anice Das (Wolvegea), Marijke Groenewoud (Hallum), Femke Kok (Nij Beets), Janine Smit (It Hearrenfean), Michelle de Jong (Rottum) en Myrthe de Boer (Skarsterbrêge) kamen tekoart foar in startplak op de 1.000 meter op de wrâldbekers.

Op de 1.000 meter by de manlju wie Kai Verbij de rapste. Hy ried in baanrekôr fan 1.07,48. Kjeld Nuis waard twadde mei 1.07,82. It tredde plak wie foar Thomas Krol mei 1.07,88. De oare twa wrâldbekertickets wiene foar Hein Otterspeer (1.08,55) en Dai Dai Ntab (1.08,80).

Jur Veenje fan Garyp kaam mei 1.11,27 tekoart foar in startplak op de wrâldbekers. Hy einige op it 21e plak.

Patrick Roest hat sneintemiddei yn Thialf in baanrekôr riden op de 10.000 meter. Hy kaam op it wrâldbekerkwalifikaasjetoernoai ta in tiid fan 12.42,97. Jorrit Bergsma fan Aldeboarn waard twadde mei 12.51,50. Douwe de Vries fan It Hearrenfean einige as tredde. Ek Grouster Marwin Talsma pakte in wrâldbekerticket.

Bergsma ried yn de fiifde rit in tiid fan 12.51,50, dêrmei gie hy doe oan de lieding. Douwe de Vries kaam yn dyselde rit ta 13.01,87. Yn de lêste rit gie Roest dêr lykwols wer ûnder mei 12.42,97. Dat is 73 hûndertsten rapper as it baanrekôr dat sûnt 30 desimber 2018 op namme stie fan Bergsma.

Talsma kaam yn de fjirde rit yn aksje tsjin Marcel Bosker. Yn in spannende rit mei in geweldige einsprint kaam de Grouster úteinlik krekt tekoart om syn direkte tsjinstanner te ferslaan, mar syn tiid wie wol flugger as dy fan Bob de Vries: 13.07,25.

Sven Kramer kaam al yn de earste rit yn aksje tsjin Jos de Vos. De Fries kaam mei in flakke race ta in tiid fan 13.07,97. Dy tiid bleau net lang boppe-oan de ranglist stean, want Bob de Vries fan Haule ried yn de tredde rit mei 13.07,64 krekt ûnder de tiid fan Kramer. De 34-jierige reedrider makke it ferskil mei in slotronde fan 30,0.

Reina Anema hat har fantastyske reedrydwykein noch moaier makke. De reedrydster fan De Gordyk einige as twadde op de 5.000 meter en hellet dêrmei har tredde wrâldbekerticket yn. Datselde jildt foar Antoinette de Jong, dy’t as fjirde einige. Esmee Visser wûn de ôfstân op Thialf.

Anema ried yn rit fjouwer as earste fan it dielnimmersfjild ûnder de sân minuten: 6.57,58. Dêrmei helle se goed fiif sekonden fan har persoanlik rekôr ôf en wie se mei noch twa ritten te gean al wis fan in startplak op de wrâldbekers. Op de 1.500 en 3.000 meter ried se dit wykein ek al in persoanlik rekôr.

De Jong ried yn de sechde en lêste rit tsjin baanrekôrhâldster Esmee Visser. Beide froulju giene lang lykop, mar de Friezinne koe it tempo fan Visser healwei net mear byhâlde. Ek de tiid fan Anema wie úteinlik net helber foar De Jong. Se einige yn 6.59,69 as fjirde. De rydster fan Rottum pleatste har earder dit wykein mei twa kear in twadde plak ek al foar de wrâldbekers op de 1.500 en 3.000 meter.

Carien Kleibeuker fan It Hearrenfean soe yn earste ynstansje ek starte op de 5.000 meter, mar de 41-jierige reedrydster melde har sneintemoarn om ûnbekende reden ôf.

Boarne: Omrop Fryslân

novimber 3, 2019 19:50
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.