Reedrydnijs fan it Fean: wrâldbekerwedstriden sneon

novimber 2, 2019 19:51

Michelle de Jong is de iennige Friezinne dy’t in wrâldbekerticket helle hat op de 500 meter. Oare kânshawwers as Letitia de Jong en Janine Smit foelen bûten de top fiif. Jorien ter Mors wûn de 500 meter yn 37,99. Sven Kramer hat him ek pleatst foar de wrâldbeker op de 1500 meter. De Fries waard op dy ôfstân fiifde en dat wie genôch om him te pleatsen. Kjeld Nuis waard earst diskwalifisearre en dêrnei wer net. Uteinlik gie de winst dêrom nei Nuis.

Lykas de 1500 meter fan freed dominearre Ter Mors sneon de 500 meter. Se ried as iennige ûnder de 38 sekonden: 37,99. As twadde einige Sanneke de Neeling, rydster foar it Gewest Fryslân, yn 38,25. Michelle de Jong waard tredde yn 38,25. Jutta Leerdam en Dione Voskamp rieden nei it fjirde en fiifde plak. Letitia de Jong falt krekt bûten de top fiif. Har 38,41 is goed foar it sechde plak. Foar Janine Smit binne de druven noch soerder. Ferline jier waard se noch Nederlânsk kampioen op de 500 meter. No wurdt se fyftjinde.

Kramer ried op ‘e nij tsjin Patrick Roest, lykas freed op de 5000 meter. Ditkear wie Roest ek de rapste fan de twa, mar konsekwinsjes foar de wrâldbekertickets hie dat net. Kramer finishe yn 1.45,80 en Roest yn 1.44,89. Thomas Krol wûn de 1500 meter yn 1.44,73. Kjeld Nuis ried in rappere tiid, 1.44,71. Hy waard yn earste ynstânsje diskwalifisearre, mar dat waard efkes letter weromdraaid. Douwe de Vries en Tjerk de Boer foelen beide bûten de boat. De Vries einige yn 1.46,84, wat him op it tsiende plak brocht. Tjerk de Boer waard tolfde yn 1.48,21.

Antoinette de Jong en Reina Anema hawwe har pleatst foar de 3000 meter. De Jong waard twadde mei mar twa hûndertsten efter Esmee Visser, dy’t de 3 kilometer wûn. Anema ried yn in persoanlik rekôr nei it fjirde plak. Ireen Wüst foel ferrassend bûten de top fiif. Reina Anema sette de earste tiid del mei har nije persoanlike rekôr. Se ried 4.01,80 en dat is hast trije sekonden rapper as har eardere bêste tiid. Esmee Visser en Carlijn Achtereekte dûkten dêr mei in dikke sekonde ûnder en dêrnei moast Anema ôfwachtsje. Wüst like ienfâldich nei in goeie tiid te riden, mar klapte oan de ein hielendal yninoar. Yn de lêste rit kamen Melissa Wijfje fan Gewest Fryslân en Antoinette de Jong noch ûnder har tiid, wêrtroch’t Wüst bûten de top fiif foel.

Boarne: Omrop Fryslân

novimber 2, 2019 19:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.