Provinsjale en gemeentlike stipe foar nominaasje wrâlderfgoed Planetarium

novimber 5, 2019 08:47

Mei it beskikber stellen fan € 50.000 hat de gemeenteried fan Waadhoeke ferline wike tongersdeitejûn symboalysk it startskot jûn foar de foardracht fan it Keninklik Eise Eisinga Planetarium as Unesco wrâlderfgoed. De provinsje Fryslân stelde earder ferline wike ek € 50.000 beskikber. Mei itselde bedrach fan de Rykstsjinst foar Kultureel Erfgoed binne de kosten foar it nominaasjedossier no dutsen en kin de foardracht definityf trochgean.

Foto: Wikipedia/Niels Elgaard Larsen

Begjin 2022 wol Nederlân it Planetarium foardrage foar it predikaat. Oft it Planetarium wrâlderfgoed wurdt, moat blike yn 2023. Dan beslút it Unesco Wrâlderfgoedkomitee oer de Nederlânske foardracht. Fryslân hat op it stuit twa wrâlderfgoedplakken: de Waadsee en it Woudagemaal. Mei it Planetarium op de wrâlderfgoedlist hat Fryslân dan trije, en dêrmei in unike posysje yn Nederlân.

De foardracht bart troch it yntsjinjen fan in nominaasjedossier. It dossier moat dúdlik meitsje hoe unyk oft it Planetarium is, mar ek hoe’t it sit mei it behear en ûnderhâld, berikberens, edukaasje, draachflak ensfh. Om ta in folslein dossier te kommen is der noch it nedige te dwaan, lykas oanfoljend (ynternasjonaal) ûndersyk, oerlis, oersetwurk en foarmjouwing. De ferwachte kosten dêrfan binne € 150.000.

It Planetarium hat de Rykstsjinst foar Kultureel Erfgoed (RCE), de provinsje Fryslân en de gemeente Waadhoeke frege om dêr yn by te dragen. De RCE hat dêr yn augustus mei ynstimd. Ofrûne wike hawwe sawol de provinsje Fryslân as de gemeente Waadhoeke in bydrage fan € 50.000 tasein oan it Planetarium. De provinsjale en gemeentlike stipe betsjut dat it Planetarium no foldwaande finansjele mooglikheden hat om it nominaasjedossier ôf te meitsjen.

novimber 5, 2019 08:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.